Einlings haw ik it Fryske wurdboek fan myn peetbern krijt. Ik ha my in heal jier ferlyn foarnommen om Frysk te leare, dat ik de Friesen better koe stypje by har striid om te oerlibje (dat liket wol te rime!). Ik fin de Fryske kultuer nijsgjirrich, fanwegen de ferbûnens mei de grûn en omdat de taal safolle âlder is as it Nederlândsk.
No is it wer in heal jier letter. Ik hâld fol datst ik eins graach talen lear, mar Frysk? Dy Friesen wenje wol in ferflokt ein fuort. Ik sjoch nea Friesen dy Frysk sprekke. Ik haw in binde studinten út West-Fryslân, mar dy sprekke gjin Frysk. Wis ik haw ek studinten út Curaçao, en dy sprekke wol Papiamento. Wis ik haw studinten út Turkije, en dy sprekke wol Turks. Wis der wurdt Marokkaans en Sranan Tongo en Ingelsk sprekken. Genôch talen om te leare.
Tink ris ta datst ik dizze tekst yn korrekt Fryst steld haw; hoe swier is dat hiele Frysk dan eins? Frysk is dochs ek in birn fan it West-Goatysk, krekt as Ingelsk, Dútsk en Nederlânsk? Frysk is dochst gewoan myn memmetaal! Hokker taal sil ik dan gean leare?

wauw wat geweldig dat je dat in zo'n korte tijd geleerd hebt! nu kan ik het niet nachecken want jij hebt het woordenboek hahaa
BeantwoordenVerwijderenik vind het super, ja, fries is vast jouw moedertaal ;P
word er heul blij van!
xxxxxxxxxxxx anna
tankje wol, leave Anna
BeantwoordenVerwijderen